De tocht fan de Argonauten - Apollonius fan Rhodos

Apollonius fan Rhodos | 2016 | Zachte kaft | Westerlauwers
Uitverkocht – niet meer leverbaar
Niet op voorraad in de winkel
€ 24,50

Beschrijving

Troch alle tiden hinne hat it ferhaal fan it Argonautenskip, fan Jason en it Gouden Flues en de tsjoenster Medéa ta de ferbylding sprutsen. En noch hieltyd lêze we mei niget hoe't de jonge held Jason de útdaging oannimt om de riskante, suver ûnmooglike taak op him te nimmen om it Gouden Flues te bemasterjen, dat bewekke wurdt troch in neasliepende draak. Jason syn doel is, hjirtroch it regear fan syn omke Pélias werom te krijen. Omke Pélias hopet fansels dat syn betingsten te dreech binne foar Jason, en dat dy de opjefte net folbringe sil. Mar al oan it begjin fan it ferhaal fiele we, dat dat wolris oars útpakke kin. De hiele tarieding ta de tocht, alle helden dy't har by Jason foegje, de help fan guon goaden en goadinnen, dat alles makket dat we as lêzer hoop krije op in goede ôfrin. Mar dan komme de problemen en wurdt it tige spannend: gefaarlike seestreamingen, wynstilten, gefjochten mei fijannige hearskers, helden dy't ûnderweis sneuvelje, en noch ûnderskate oare swierrichheden meitsje hja mei. As Jason úteinlik mei help fan de tsjoenster Medéa it Gouden Flues yn hannen kriget, liket de opdracht foltôge. Mar Jason hat syn oerwinning net fergees krigen: wat hellet er oan as hy Medéa ûnthjit 'tank te beteljen foar har help'? Yn elts gefal moatte se earst noch werom nei Jolkos, wat ek wer de nedige aventoeren opleveret. It ferhaal hat in 'happy end', inkeld mar spitich dat omke Pélias dêr gjin rol mear yn spilet. Apollonios fan Rhodos skreau syn dichtwurk likernôch 250 jier foar Kristus, sa'n 500 jier nei Homêros. Lykwols wie hy fan betinken, dat de styl fan de grutte dichter weardefol wie en neifolging fertsjinne. Dy styl is oanhâlden troch de oersetter Klaas Bruinsma. Yn daktylyske heksameters hat hy it prachtige epos De Tocht fan de Argonauten oerset yn floeiend, ryk Frysk, sadat wy ek dít antike erfgoed yn ús eigen moaie taal lêze kinne.
Lees meer

Specificaties

Door (auteur) Apollonius fan Rhodos
Vertaald door Klaas Bruinsma
Uitgeverij Elikser B.V. Uitgeverij
Genre Klassieke oudheid (teksten)
Uitgave Zachte kaft
Aantal pagina's 210
Verschenen op 25-04-2016
ISBN / EAN 9789089548511
Taal Westerlauwers
Gewicht 416 g
Hoogte 243 mm
Breedte 167 mm
Dikte 22 mm